Kijkhut

  • 04 mei 2017
uitkijkhut

Yn it kader fan ús projekt hawwe wy dizze wike aktiviteiten pland foar de bern. Tiisdei 2 maaie hat groep 3/4 nei It Skrok west bij Wommels. Fûgels spotte fanút de "kijkhut" en fiskje yn'e sleat .Wat ha wy in soad sjoen!! Hjoed hat groep 5 o/m 8 in gastles hân oer ûlen. Wat in wille om ris te sjen wat der no allegear yn sa'n braakbal sit! Groep 1 o/m 4 krijt ek noch in les op it sportfjild. Dat koe hjoed om it waar net troch gean.