Het tweede deel Greidhoeke goes Onderwijs project

  • 18 april 2018
tweede deel GGO

Foarige wike is de start makke fan it twadde diel fan it 'Greidhoeke goes Onderwijs'projekt. De skriezen hawwe in lange reis makke fanút it súden en se binne hjir wer om harren jongen grut te bringen. Wy rjochtsje ús no op it bûtenlân: hoe is it dêr wêr't de skriezen wei komme, yn hokker omjouwing libje de skriezen én de minsken, wat is dêr oars as hjir... De 'echte' skries kaam lâns mei in roze koffer mei allegear 'dingen' út oare lannen. Dernei hawwe alle bern in 'Zweeds renspel' dien en dermei wie de projektwike iepene.
Hjoed ha we in filmke sjoen fan in familje út Portugal. In lân wert de skriezen del komme.
It is de bedoeling dat de bern brieven skriuwen gean nei de bern fan dizze familje.
Yn de gong stiet in moaie ynformatieve tematafel: fan herte wolkom om dit te besjen!