Lammetjes kijken

  • 04 april 2018
Lammetjes

Hjoed binne de 16 bern fan groep 1, 2 en 3 fan SBS De Romte nei de skiep west! Alle woansdeis fertelde juf Titia oer de skiep en alle wiken kwamen der mear lamkes by. No wiene se der allegear en koene wy op kraambesite! De bern telden wol 14 lamkes mei moaie stippen en se seagen ek noch in hoanne mei in hin. Dernei hawwe wy de skoalle fan de oare kant besjoen, dat wie wol nuver... Bedankt, juf Titia!