Trijetalige skoalle

SL2

De Romte is sûnt jannewaris 2014 in trijetalige skoalle. In trijetalige skoalle biedt net allinnich de ferplichte fakken Nederlânsk, Frysk en Ingelsk oan, mar ek wurkfoarmen en aktiviteiten wêrby’t de ferskillende talen mei doel ynset wurde. De gedachte dy’t dêr ûnder leit is dat bern benammen taal leare, troch taal te brûken. Sa liedt ynvestearjen yn ’e iene taal, fakentiids ta fersterking fan ’e oare taal. In 3TS makket linich gebrûk fan it gegeven dat krekt jonge bern hiel maklik en op in natuerlike wize taal leare. It Frysk wurdt njonken it Nederlânsk jûn as fak en as fiertaal. It Ingelsk wurdt yn eltse groep in oere per wike oanbean as fak. Derneist wurdt der 1 deidiel yn e wike Ingelsk praten yn e boppebou. 

Undersyk hat útwiisd dat ekstra ynset foar Ingelsk en Frysk net op kosten giet fan ’e behearsking fan it Nederlânsk. Learlingen op in trijetalige skoalle fiele har, benammen as it giet om Ingelsk en Frysk, kompetinter as har leeftiidsgenoatsjes op in gewoane skoalle.
Algemiene konklúzje: Meartalige learlingen meitsje in bredere taalûntwikkeling troch en binne better taret op in meartalige takomst.

At jo mear witte wolle oer in trijetalige skoalle, besykje dan dizze webside: www.3ts.nl